Grutte ûnderhâldsbeurt De Alde Feanen fan start

30 jan 2015 - 12:35
  • It wurk yn De Alde Feanen sette freed útein

Nasjonaal Park de Alde Feanen by Earnewâld krijt in grutte ûnderhâldsbeurt dy't noch oant novimber 2019 duorret. Freed is offisjeel útein set mei it wurk. Op in oantal lokaasjes wurdt 25 bunder grûn plagge. Dêrby wurdt de boppenste laach grûn ferwidere mei alles wat der op stiet. Dat moat de ferrûging fan de sompe foarkomme.

Oare maatregels dy't hearre by dit projekt Booming Business binne ûnder oare it werombringen fan wetterplanten en reid. Foar it wurk is 6,4 miljoen euro útlutsen.

It wurk wurdt troch ûnder oare Europa, de provinsje, de gemeente Ljouwert, behearder It Fryske Gea en Wetterskip Fryslân betelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)