Grutte tsjerke Drachten wer yn gebrûk nei renovaasje

23 jan 2016 - 11:48
  • De offisjele weriepening fan de grutte tsjerke fan Drachten
  • De publike belangstelling foar de weriepening wie grut

De grutte tsjerke yn Drachten is nei in lange ferbouwing wer yn gebrûk naam. In jier lang is der wurke oan de renovaasje fan it gebou. Theun van der Werf fan de stjoergroep is grutsk op it resultaat: âlde banken binne fuorthelle, de flier is ferwidere, in nije ljochtynstalaasje, in nije keuken en der binne ek nochris unike fynsten dien.

It doel fan de ferbouwing wie om de tsjerke multyfunksjoneler te meitsjen, ek foar it hâlden fan kulturele aktiviteiten. Trouwe besikers fan de tsjerke binne tefreden.

Sy fine it resultaat in moaie miks fan modern en histoarysk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)