Grutte tekoarten by Cambuur

19 des 2009 - 13:24
  • Cambuur-direkteur Alex Pama (foto: Martin de Jong)

Cambuur hat in tekoart fan 1,5 miljoen euro. It tekoart is grutter as oant no ta tocht waard. Dat komt omdat de eardere finansjeel direkteur ferkearde sifers foarlein hat oan de direksje en ried fan kommissarissen.

Cambuur moat yn it rinnende seizoen in heal miljoen euro besunigje. Fan grut belang is dat it stadion op koarte termyn ferkocht wurdt. Neffens direkteur Alex Pama liket it derop dat soks noch dit kalinderjier slagje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)