Grutte sykaksje by Jutryp

10 jun 2013 - 10:00
  • Plysje helikopter

Nei in grutte sykaksje by Jutryp mei in helikopter en plysjehûnen, hat de plysje yn de nacht fan snein op moandei fjouwer ynwenners fan Zeist oppakt. De manlju fan 26, 28, 30 en 38 jier hiene ynbrutsen by de golfklup yn Sint Nyk. Dêr hiene se in klûs stellen.

De fertochten wiene útnaaid yn de rjochting fan Jutryp. Op de Wite Joffers waard ien fan de fjouwer oantroffen en oanhâlden. Fia in melding fan in boer koene even twa fertochten krekt foar Drylts pakt wurde. De fjirde fertochte waard oantroffen yn de greinden by Jutryp.

Yn de auto fan de manlju is ynbrekkersark en in klûs oantroffen. De auto is yn beslach naam. Alle fjouwer fertochten sitte foar fierder ûndersyk fêst op it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)