Grutte stroomsteuring yn MCL

31 aug 2011 - 11:38
  • Sikehûs MCL yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

Sikehûs MCL yn Ljouwert moast tiisdei pasjinten nei hûs stjoere fanwege in stroomsteuring. Dy ûntstie by in test fan de needstroom. It sikehûs docht geregeld sokke testen. Wêrom't it no misgie, is noch ûndúdlik. In pear nierpasjinten moasten nei in oare lokaasje foar de dialyze. Seis operaasjekeamers moasten ticht.

De stroomsteuring hat fierders net ta grutte problemen laat. De steuring hat in pear oeren duorre, Om tsien oere wie it wer foarby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)