Grutte stroomsteuring Ljouwert

15 mrt 2011 - 08:35
  • Ek de ferkearljochten by it Drachtsterplein diene it net

Yn in grut part fan Ljouwert is tiisdeitemoarn sûnt kertier foar achten in grutte stroomsteuring. Tolve tûzen húshâldens sitte dêrtroch sûnder stroom. In wurdfierder fan Tennet seit dat de steuring wol twa oant trije oeren duorje kin.

Troch de stroomsteuring yn twa transformatoren by Skinkeskâns dogge ek in soad ferkearsljochten it net. Dat betsjut dat it ferkear dat Ljouwert yn moat fertraging oprint. De plysje regelet it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)