Grutte steuring Smellingerlân

03 jan 2012 - 12:23

De gemeente Smellingerlân hat tiisdei lêst fan slimme in kompjûtersteuring. Hast alle kompjûterprogramma's fan de gemeente ha dêr lêst fan. Sa kin de amtners net by de gegevens dy't nedich binne om rydbewizen, paspoarten of ID-kaarten te meitsjen. Minsken dy't dêrfoar komme, moatte weromstjoerd wurde. Bou-oanfragen en oare fergunnings kinne ek net rieplachte wurde.

Moandei hie de gemeente ek al kompjûterproblemen, mar dy liken fan 'e moarn oplost. De gemeente wit net wat de oarsaak is fan de problemen. Wannear't dy oplost binne is dan ek noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)