Grutte stêdejild oars ferpartsje

08 okt 2004 - 15:15

It saneamde grutte stêdebelied moat omset wurde yn gemeenteblied. Dat fynt boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân. Middelgrutte gemeenten lykas Smellingerlân ha lykas de grutte stêden ek te krijen mei problemen as drugsoerlêst en dakleazen. Mar dêr is gjin potsje mei jild foar, wylst dat der wol is foar de grutte stêden.

Van der Zaag hat hjir mei kollega's fan oare middelgrutte gemeentes oer praat mei minister Remkes fan ynlânske saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)