Grutte stêdejild foar Ljouwert

12 mrt 2005 - 15:33

De gemeente Ljouwert hat 75 miljoen euro krigen fan it ryk om de grutte stêdeproblemen oan te pakken. It saneamde GSB-jild is foar fiif jier. Ljouwert sil it jild brûke foar it oanpakken fan efterstânswiken en ek foar dakleazen en skoalferlitters.

Wethâlder Roel Sluiter tekene freed foar Ljouwert it konvenant mei de ministers De Graaf en Dekker. Yn dat konvenant wurdt regele wêr't it jild krekt foar ornearre is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)