Grutte soargen oer wiete kades

05 jan 2012 - 22:45

De plysje hat tongersdeitejûn alle minsken fan rekreaasjesintrum Yn de Lijte yn Grou persoanlik frege om in feilich plak op te sykjen. As it gebiet hielendal ûnderstrûpt kin it wetter noch 40 oant 80 sintimeter heger komme te stean.

Neffens it Wetterskip wie it wetterpeil tongersdeitejûn noch itselde as middeis, mar kaam der wol mear wetter út it noardeasten wei rjochting it midden en súdeasten fan de provinsje. De grutste soargen hat it Wetterskip oer de kades dy't sa stadichoan hielendal fersadige binne fan al it wetter en dêrtroch fuortsakje kinne.

As freedtemoarn de wyn fuortfalt ûnstiet it effekt dat it wetter weromstreamt nei it midden fan de provinsje. De problemen binne dan ek noch net foarby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)