Grutte soargen oer jildsmiterij yn koälysje-akkoart

20 maaie 2015 - 20:57

It nije koälysje-akkoart yn provinsjale steaten mist in goede finansjele ûnderbouwing en ek sprekt der kwalik ambysje út. Dat binne de wichtichste kritykpunten op it akkoart fan it nije provinsjebestjoer.

Woansdeitemiddei waard der yn de steaten praat oer it akkoart dat it CDA, SP, VVD en FNP sletten ha. Anja Haga fan opposysjepartij ChristenUnie makket him grutte soargen oer it jild dat útjûn wurdt, wylst der minder ynkomt. Sa wurdt de wegebelesting flink ferlege.

De koälysje seit tiid nedich te hawwen om de finansjele ûnderbouwing goed út te wurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)