Grutte skinking foto's Ljouwert

30 aug 2002 - 00:00

Boppe op de Aldehou hat de gemeente Ljouwert freed in grutte partikuliere kolleksje foto's oanbean krigen. It giet om it folsleine argyf fan Dick van der Heide, dy't yn de maitiid stoar.

Mar leafst sânhûnderttûzen negativen jouwe mei-inoar in byld fan fjirtich jier Ljouwerter skiednis. It histoarysk sintrum Ljouwert is dan ek tige wiis mei de skinking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)