Grutte skea Fochtelerfean

25 apr 2011 - 16:13
  • Foto: Harm Weistra (Omrop Fryslân)

De skea oan de natuer troch de brân yn it Fochtelerfean is grut. Dat sei Alje Zandt fan Natuermonuminten tsjin Omrop Fryslân. In gebiet sa grut as 150 fuotbalfjilden waard peaskemoandei troffen troch brân. In grut stik is swart ferbaarnd. Yn in gebiet binne in soad planten en bisten, ûnder oare kraanfûgels, slangen en kikkerts. Dy hawwe it mooglik net oerlibbe.

De brân liket no wat minder te wurden. De brânwacht is de hiele dei en jûn noch wol oan it neiblussen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)