Grutte skea foar bouboeren

01 okt 2001 - 00:00

Neffens lânbou-organisaasje NLTO moat 10 oant 15 persint fan de bouboeren it bedriuw slute as it wiete waar oanhâldt. Tefolle ierappels, mar ek biten en sipels, moatte te lang op it lân lizze.

De NLTO hat moandei in wurkbesite brocht oan Dongeradiel. Neffens har ha de ierappelboeren dit jier hast 50 persint minder opbringst en moat der in skearegeling troffen wurde mei it ryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)