Grutte skea by brân Ljouwert

16 jan 2008 - 23:06
  • seis apparteminten kinne net bewenne wurde
  • de flammen sloegen ta it dak út

By in brân yn in appartemintekompleks oan it Jacobijnertsjerkhôf yn Ljouwert is in frou earnstich ferwûne rekke oan har fuotten. De brân ûntstie woansdeitejûn troch noch ûnbekende oarsaak yn it appartemint fan de frou.

Troch de brân rekken seis appartimenten swier beskeadige, oare apparteminten ha wetter- en reekskea op rûn. De bewenners binne troch de gemeente opfong. Yn it kompleks binne 24 apparteminten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)