Grutte seal Leppehiem lang om let klear nei ferbouwing

10 okt 2015 - 17:04
  • Leppehiem yn Akkrum

Bewenners fan mienskipssintrum Leppehiem yn Akkrum kinne fan moandei ôf wer nei de grutte seal. De seal wurdt dan iepene nei in lange ferbouwing. De planning wie dat de ferbouwing fan de seal yn maaie al klear wêze soe, mar troch de fynst fan asbest duorre dat langer.

Dat wie in grutte tsjinfaller foar personiel en bewenners fan Leppehiem. Dy moasten hieltyd bûtenom rinne, want de seal is in trochgeansrûte, sintraal yn it mienskipssintrum.

De ferbouwing wie ek min foar it sosjale libben yn Leppehiem. Bewenners moasten altyd apart faninoar kofjedrinke en ite yn lytse sealtsjes, wylst dit faak harren iennichste sosjale kontaktmomint is.

Fan moandei ôf meie se einlings wer byinoar sitte. Yn de nije seal binne ferskate hoekjes makke, sadat minsken byinoar sitte kinne, mar júst ek apart sitte kinne as se dat wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)