Grutte SAR-oefening dizze wike

25 maaie 2009 - 14:13
  • de SAR Helikopter

It wurdt de kommende dagen drok yn 'e loft boppe Ljouwert, Drachten en Hylpen. Dit komt troch in gruttte oefening dy't hâlden wurdt mei SAR-helikopters út 6 ferskillende lannen.

Oanlieding is it 50-jierrige jubileum fan de SAR op de fleanbasis Ljouwert. Tiisdei fiere de helikopter spesjale opdrachten út boppe de airstrip yn Drachten en yn de haven fan Hylpen. Dêr moat in drinkeling út it wetter helle wurde. Woansdei is der op de fleanbasis in grutte SAR-reüny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)