Grutte roch feild

09 okt 2004 - 11:43

By fiskfeiling Insula yn Harns is freed in útsûnderlik grutte roch feild. Dy waard tongersdei tweintich mijl boppe Flylân fongen. It bist is 1.90 lang en hat in fleugelbreedte fan 1 meter 50.

De roch is sa'n fjirtich oant fyftich jier âld en net mear te iten. Foar de feiling wie lykwols in soad omtinken. Foar de roch waard 1100 euro delteld. Dat is tweintich euro de kilo mear as gewoanwei foar roch betelle wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)