Grutte riffen fûn op it Waad tusken Skylge en Skier

24 nov 2015 - 11:37

Der binne grutte riffen fan skulpkokerwjirmen fûn op it Waad tusken Skylge en Skiermûntseach. Dat meldt de Waddenunit fan Ekonomyske Saken op de website fan it ophelprogramma Naar een Rijke Waddenzee. It giet om tsientallen riffen en guon binne mear as 100 bunder grut. By leech wetter binne der bultsjes sân en puollen mei wetter te finen. Dêryn sitte in soad lytse fiskjes en garnalen. Ek groeit der in soad wier op. Ien en oar is goed foar de natuer yn de Waadsee. It is wol tweintich jier lyn dat der safolle fan dizzen wjirmen wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)