Grutte reorganisaasje by Frico

05 nov 2003 - 00:00

Tsiisfabryk Frico hat in grutte reorganisaasje oankundige. Mar dat liket posityf út te pakken foar Fryslân, om't bepaalde aktiviteiten konsintrearre wurde yn Wolvegea en Drachten. Ferskate festigings bûten Fryslân sille slute.

It fakbûn FNV reageart skrokken. Lanlik ferdwine 192 fan de goed 2100 banen. Twongen ûntslaggen falle der net. Frico wol wurknimmers ûnderbringe yn de cao foar it tsiispakhûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)