Grutte reorganisaasje by Aegon

28 sep 2011 - 10:22
  • It gebou fan Aegon yn Ljouwert

Der komt in grutte reorganisaasje by fersekerder Aegon. Tongersdei makket de direksje bekend dat der hûnderten banen ferdwine. Dat kin net sûnder twongen ûntslaggen. Aegon wol de kommende tiid de kosten mei 20 persint nei ûnderen bringen. De organisaasje moat dan goed ynspylje kinne op de ûntwikkelings yn de takomst.

Foar de festiging yn Ljouwert sil de reorganisaasje ek gefolgen ha. Dêr wurkje no sa'n 800 minsken. Nei alle gedachten ferdwine sa'n 100 banen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)