Grutte rel yn sintrum Dokkum

12 jul 2004 - 10:01

In grutte plysjemacht hat sneintemoarn betiid njoggen minsken oanhâlden yn it sintrum fan Dokkum. In plysjeman woe in boete útskriuwe foar in man dy't oan it wyldpisjen wie. In groep fan sa'n 50 minsken begûn him mei de saak te bemuoien en plysjeminsken út te skellen.

Alve plysjeminsken mei hûnen wiene nedich om de groep út inoar te jeien. Acht manlju en ien frou binne oanhâlden. Dêrby is ien plysjeman ferwûne rekke oan de knibbel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)