Grutte put Triangle Studios

17 okt 2008 - 12:08
  • De spesjale Japanske poster fan Triangle

It Fryske kompjûterspultsjebedriuw Triangle Studios hat in grutte opdracht ynhelle út Japan. Se sille spultsjes ûntwikkelje foar de mobile tillefoans fan Nokia en Sony Ericsson. Dêrmei bewiist it bedriuw dat der ek foar Fryslân kânsen lizze op dy merk.

Op it stuit giet der goed 22 miljard euro om yn it meitsjen fan kompjûterspultsjes. De provinsje, Ljouwert en de NHL wolle troch jonge bedriuwen te helpen besykje dêr fan mei te profitearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)