Grutte problemen by alphahelp

24 nov 2014 - 06:08

Minsken dy't as lytse selsstannige húshâldike help ferliene, driigje massaal harren wurk te ferliezen. It giet dan om de saneamde alphahelpen. It ryk hat in soad besunige op de húshâldlike help, mar kaam letter dochs noch mei ekstra jild. Probleem is allinnich dat gemeenten mei dat jild allinnich minsken dy't foar in thússoarchorganisaasje wurkje, betelje meie.

Yn de praktyk kin in klant dêrtroch folle goedkeaper immen fan de thússoarch ynhiere as in selsstannige alphahelp.

Ut ûndersyk fan belangefertsjintwurdiger Alphatrots docht bliken dat dêrtroch allinnich al yn Noardeast-Fryslân 90 prosint fan de minsken de alphahelp net mear ynhiert. Yn hiel Fryslân wurkje der sa'n 2500 alphahelpen. De stichting Alphatrots hat oer dizze kwestje in klacht yntsjinne by de Autoriteit Consument en Markt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)