Grutte plysjekontrôle op A7

15 jun 2013 - 14:24

De plysje hat freedtejûn en nacht op de A7 mei dûane, belestingtsjinst, KLPD en Rykswettersteat in grutte kontrôle hâlden. Der waarden 25 bekeurings útskreaun foar ûnder oare snelheidsoertredings en technyske mankeminten. Ien auto waard yn beslach naam, omdat de bestjoerder noch in belestingskuld fan hast 30-tûzen euro hie. Oare bestjoerders rekken de auto foar fjouwer wike kwyt, yn dat skoft moatte se de boetes betelje. Der binne 800 blaastesten hâlden, der wie mar ien bestjoerder dy't tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)