Grutte plysjekontrôle op A32

20 mrt 2009 - 12:17
  • Plysjestudinte docht praktykeksamen by kontrôle oan de A32

De plysje hat freedtemoarn in grutte ferkearskontrôle hâlden op de A32 tusken It Hearrenfean en Wolvegea. Ut beide rjochtings waard it ferkear oan de kant set. No docht de plysje dit wol faker; dizze kontrôle wie ek in eksamen fan studinten fan de plysjeskoalle yn Drachten. Foar harren stie in soad op it spul. Ien foutsje meitsje yn in boete, betsjut dat it eksamen net helle wurdt.

Automobilisten yn oertreding krigen wol in echte bekeuring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)