Grutte plannen mei Bylsma

05 jul 2010 - 15:56

De nije eigner fan it meubelfabryk Bylsma yn Frjentsjer hat grutte plannen foar de takomst. Doel is om yn koarte tiid de oarderportefûlje fol te krijen en ekstra personiel oan te nimmen. Moandei makke kurator Rotshuizen bekend dat de Van Veghelgroep út Oss it fallite fabryk oernimt. Van Veghel wie in konkurrint fan Bylsma en tinkt troch de oername sterker te stean op de meubelmerk.

Foar 26 july krije de meiwurkers fan Bylsma te hearren wa't bliuwe meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)