Grutte plannen foar rekreaasje

14 okt 2010 - 17:13

Rekreaasjeûndernimmers ha foar tsientallen miljoenen oan plannen foar de kommende tiid. Mar om der foar te soargjen dat de plannen ek echt fan de grûn komme, is der wol jild fan de provinsje nedich. Dat lûd komt fan de Hiswa yn it Noarden. De provinsje ropt fan syn kant de ûndernimmers op om te ynvestearjen. Dat is noadich om it twadde part fan it Fryske Marreprojekt ek ta in súkses te meitsjen.

De Hiswa giet der dan ek fan út dat de provinsje wol mei jild komme sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)