Grutte plannen foar De Pein

24 jan 2003 - 00:00

In bettere haven, 150 nije wenten en in wenfoarm foar âlderein. Dat soe der binnen tweintich jier yn De Pein komme moatte, as it oan Doarpsbelang leit. Dat hat de winsken foar de takomst útienset yn de doarpsfisy 2020, dy't de gemeente Smellingerlân freed krige.

Wethâlder Veenstra sette by ûntfangst fuortendaliks al syn fraachtekens by de helberens fan 150 nije wenten. It is dus mar de fraach oft de plannen helber binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)