Grutte Pier komt ta libben yn kompjûterspultsje

10 sep 2015 - 10:55
  • Screenshot fan Cross of the Dutchman
  • In fragmint út de game Cross of the Dutchman

Nei in lange tiid fan ûntwikkeljen lansearret it Ljouwerter bedriuw Triangle Studios it kompjûterspul Cross of the Dutchman, in game mei 'Grutte' Pier Gerlofs Donia fan Kimswert yn de haadrol.

Fan tongersdei ôf is it kompjûterspul 'Cross of the Dutchman' beskikber foar aventuriers, skiednisfanaten en leafhawwers fan aksjegames. De gamer krûpt yn ’e hûd fan in ienfâldige boer dy’t útgroeit ta de lieder fan in leger fan Fryske fersetsstriders. It útbringen fan de game komt 500 jier nei it momint dat Pier syn striid tsjin de Saksers begûn.

De game is beskikber op PC, Mac en Linux en kin yn ferskate talen spile wurde. It sprekt fansels dat it spul ek yn it Frysk beskikber is. Yn Cross of the Dutchman ûnderfine de spilers de ynvaazje fan de Saksers yn Fryslân. Pier, in man dy’t ferneamd is fanwegen syn formaat en krêft, rekket betize yn it konflikt. Dêrtroch set er sels it libben fan syn famylje en freonen op it spul.

Cross of the Dutchman hat in lange ûntwikkeltiid hân. Triangle Studios begûn yn 2009 al mei it ûntwerp fan it spultsje, mar it projekt hat sûnt dy tiid ferskate grutte refyzjes hân. Triangle Studios is tige grutsk dat Cross of the Dutchman no beskikber is foar it publyk. It bedriuw hat hege ferwachtings fan it kompjûterspul.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)