Grutte Pier hat wer frouljusteam

10 sep 2004 - 10:15

Lang om let hat rugbyferiening Grutte Pier fan Ljouwert wer in frouljusteam yn 'e kompetysje. Grutte Pier hat al sa lang gjin frouljusteam hân dat net ien mear krekt wit wannear't foar it lêst frouju by de klub rugby spilen.

Mar it is no wer klear, want fan 1 novimber ôf draaie de froulju fan Grutte Pier wer mei yn 'e lanlike frouljuskompetysje. En omdat der noch wol wat froulju by kinne wie der woansdei in iepen training.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)