Grutte partij hout stellen

20 maaie 2008 - 10:08

De plysje siket tsjûgen fan in stellerij yn Boalsert, wêrby´t in soad hout weinaam is. It hout lei achter in reklameboerd by de brêge oan de Mearswâl. It wie bedoeld foar it ferfangen fan in damwand yn it Van_Panhuyskanaal. Der is ûnder oare 400 meter oan fjurrehouten planken stellen.

De stellerij wie tusken freed 2 maaie en ôfrûne tongersdei. Wa´t wat sjoen hat of wat wit, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)