Grutte opkomst ynfogearkomsten

20 nov 2012 - 19:29
  • Vaatstra foar sealesintrum Old Dutch yn De Westereen

De bewennersbyienkomsten oer de oanhâlding yn de saak-Vaatstra lûke in soad minsken. Yn Aldwâld kamen sa'n 300 fan de 800 ynwenners nei it mienskipssintrum Hústerwâld. Yn De Westereen wiene in pear hûndert minsken oanwêzich. Ek Bauke Vaatstra en syn skoansoan wiene der by.

De byienkomsten binne allinnich foar ynwenners fan de streek. Sy wurde ynformearre oer de arrestaasje fan de 45-jierrige Aldwâldster Jasper S. op sneintejûn. Plysje, justysje en de gemeente wiene tiisdeitejûn oanwêzich om fragen te beantwurdzjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)