Grutte opkomst yn Terkaple

23 okt 2012 - 20:58

Op de byienkomst dy't Pleatslik Belang Terkaple tiisdei belein hat oer de ûnrêst om in ynwenner fan it doarp dy't foar it besit fan berneporno feroardiele is, binne in soad minsken ôfkaam. Minsken út Terkaple en âlden út Goaiïngaryp dy't de bern op KBS It Twaspan ha wiene útnoege foar de gearkomste yn doarpshûs It Heechein. Pleatslik Belang wol dat de man fuort giet út Terkaple.

De man sels is it doarp tiisdei ûntflechte sizze buorlju. Op de byienkomst wiene ek de plysje, de gemeente en de wenningbouferiening oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)