Grutte opkomst oerlis Batavus

10 apr 2013 - 23:03
  • Accell Group

150 wurknimmes fan Batavus op It Hearrenfean kamen woansdei byinoar om mei it fakbûn te praten oer de reorganisaasje fan it bedriuw.

Sneon waard bekend dat 42 minsken by Batavus harren baan ferlieze sille. Dat is it gefolch fan de plannen fan de oerkoepeljende Accell Group. Dy wol ûnder oaren personiel fan it fabryk yn Apeldoorn oerpleatse nei It Hearrenfean. Dêrtroch soene der banen fan minsken op It Fean ferlern gean. De fakbûnen binne hjir fernuvere oer en wolle de direksje om útlis freegje. Moandei prate direksje en fakbûnen mei-inoar.

De emoasjes fan woansdeitejûn sil it fakbûn nei eigen sizzen meinimme nei dat petear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)