Grutte opkomst foar grypprik

23 nov 2009 - 12:38
  • Tsientûzenen Friezen krije dizze wike in spuitsje

De opkomst foar de faksinaasje foar de Meksikaanske gryp is oant no ta grut. Op It Hearrenfean hellen moandeitemoarn al 1100 minsken en bern in prik en dat is sawat 75 persint. Ek op Skylge rint it hiel goed en dat jildt ek foar de oare fjouwer plakken. Yn Fryslân hat de earste ynintingsdei net foar ferkearsproblemen soarge, seit de GGD.

As eltsenien komt krije dizze wike 42.000 Friezen in spuitsje tsjin de Meksikaanske gryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)