Grutte opknapbeurt foar it Ljouwerter Skûtsje

03 feb 2015 - 07:14
  • Grutte opknapbeurt foar it Ljouwerter Skûtsje
  • Wiecher Kocken en Marco Quak by it Ljouwerter Skûtsje

It Ljouwerter Skûtsje wurdt yngripend renovearre. It skip leit foar de opknapbeurt yn in loads fan Multiship Holland yn Harns. Sa'n 40 prosint fan it stielwurk wurdt ferfongen. Grutte parten fan de romp wurde fernijd en der komt in kompleet nije roef op. Dat is nedich omdat it skip, fan 100 jier âld, hieltyd slopper waard. En dan kinne jo ek minder hurd sile.

De Ljouwerter silers brochten by de skûtsjesylwedstriden fan it ôfrûne jier sels spanbannen oan om it skip wat strak te hâlden. De renovaasje moat begjin april klear wêze.

De opknapbeurt is begrutte op in ton, mar de kosten rinne op nei de oardel ton. It bestjoer besjocht noch hoe't se dit betelje sille. Mooglik sille se jild liene fan de bank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)