Grutte omset fan garnalen

13 jan 2014 - 11:52
  • Garnalen hjir noch yn de dop

De fiskôfslaggen yn Lauwerseach en Harns hawwe in goed jier achter de rêch. Dat komt benammen troch de omset fan garnalen dy't ferline jier mei 7 miljoen euro omheech gien is, fan 29 nei 36 miljoen. Benammen yn Harns binne folle mear garnalen oanbrocht. De prizen wiene ek goed en dat betsjut in goed jier foar de garnalefiskerij.

De beide ôfslaggen falle ûnder International Seafood Auctions. Direkteur Smit ropt de oerheden op om wat te dwaan oan it hieltyd lytser wurdende fiskgebiet yn de Waadsee. Dat komt troch maatregels en yngrepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)