Grutte ôfname wurkleazens

17 aug 2006 - 14:00

De wurkleazens yn Fryslân nimt hurder ôf as de wurkleazens yn de provinsjes Grinslân en Drinte. Yn it ôfrûne jier is it oantal minsken sûnder baan yn Fryslân mei mear as alve prosint ôfnommen.

Ut sifers fan it Centrum voor Werk en Inkomen docht bliken dat ien op de alve Friezen wurkleas is. Dat is minder as yn Grinslân en Drinte. Ljouwert docht it relatyf sjoen wat minder as de rest fan de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)