Grutte oefening op Waad

13 jun 2009 - 12:17
  • By de oefening waard ek in helikopter ynset

Ferskate helpferlieningstsjinten giene sneon it Waad op foar in grutte oefening. Plysje, KNRM, Provinsje Fryslân, helpferlieningstsjint Grins, en ek de SAR-helikopters waarden der op út stjoerd foar it helpen fan fjirtich waadrinners yn de problemen.

De oefening is om de twa jier en is neffens de dielnimmers fan grut belang fanwege alle waadrinners dy't alle jierren op 'en paad geane. Dizze kear waard ek it oan 'e fêste wâl bringen fan de slachtoffers oefene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)