Grutte oefening helptsjinsten op Starteilân Snitsermar

09 apr 2015 - 20:17
  • Oefening op it Starteilân yn de Snitsermar
  • De helptsjinsten yn aksje

De plysje, brânwacht en de ambulânsetsjinst ha tongersdeitejûn in grutte oefening holden op it Starteilân yn de Snitsermar. Dit is it eilân dat foaral bekend is fan de Snitswike. Der waard spile dat der in brulloft wie op it eilân. De famylje fan de man dy't troude wie net útnoege, mar kaam wol nei it eilân ta. Dat soarge foar oerlêst, dêr't de helptsjinsten by oan te pas komme moasten.

Der gie noch wol it ien en oar mis, mar dêrom wie it neffens de organisaasje ek goed dat dit oefene waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)