Grutte oefening Fryske helptsjinsten: Parregea evakueard

28 okt 2015 - 10:58

De Feilichheidsregio Fryslân hâldt yn de earste wike fan novimber in grutte oefening op it wetter. De oefening mei de namme 'Alert Fryslân' is de grutste dy't ea hâlden is en is yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren.

Allerhanne helptsjinsten en in grut ferskaat oan organisaasjes oefenje dat it heechwetter is, mei in soad oerlêst as gefolch. Underdiel fan de oefening is dat bewenners fan Parregea evakueard wurde nei Warkum en dat de diken fersterke wurde moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)