Grutte oefening fleanbasis

21 jan 2009 - 09:29

De fleanbasis yn Ljouwert oefenet nije wike de ynset by in krisis yn it bûtenlân. Der wurdt neispile dat tsien F16's en it byhearrende personiel yn aksje komme moatte.

De oefening is bedoeld as tarieding op in beoardieling fan 'e fleanbasis. Dy wurdt dien yn 2010. Dan wurdt toetst oft de fleanbasis foldocht oan de easken fan 'e NAVO. De oefening wurdt hâlden fan 26 oant en mei 30 jannewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)