Grutte oarder VDL bussebou

03 feb 2012 - 20:44

Bussebouwer VDL op It Hearrenfean hat in grutte oarder binnenhelle. Foar it Finske iepenbier ferfierbedriuw Nobina sille dêr 56 bussen boud wurde. It giet om lichtgewicht bussen mei in lege ynstap en in leech brânstofferbrûk, dy't oer in healjier al ride moatte yn de haadstêd Helsinki. De produksje op It Fean sil plakfine mei it besteande persoaniel. Mooglik dat nije opdrachten foar mear wurkgelegenheid soargje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)