Grutte oarder nei Fryslân

16 okt 2008 - 12:33

Beamroaierij Veenstra út Hoarnstersweach hat in grutte Belgyske oarder binnenhelle. Se moatte twa sjittereinen fan de Belgyske definsje klearmeitsje foar gebrûk. Troch de opdracht ferdûbelet de omset fan it bedriuw.

It projekt wurdt utfierd troch personiel fan Veenstra en tydlike Belgyske arbeiders. Maart 2009 moat it wurk klear weze. Veenstra hopet dat er troch dit kerwei yn de takomst mear ynternasjonale oarders ynhelje kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)