Grutte oarder foar Neways

09 des 2003 - 00:00

De Ljouwerter festiging fan Neways hat in grutte oarder fan definsje krigen. It bedriuw moat elektroanika meitsje foar houwitserkanonnen foar it Nederlânske en Italjaanske leger. De oarder hat in wearde fan 3,6 miljoen euro. It is foar it earst dat Neways sa'n oarder krijt.

Neways hat in omset fan 13 miljoen euro. Der wurkje 100 minsken. It bedriuw wie earder fan Philips en kaam tsien jier lyn yn hannen fan Neways.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)