Grutte oarder foar Lijpack

22 okt 2004 - 12:31

It Ljouwerter bedriuw Lijpack hat op in hannelsmisje yn Sjina in grutte oarder binnensleept. Lijpack is spesjaliseard yn baby- en berne-iten en sil dat no ek leverje yn Sina.

It bedriuw wol net sizze wat de oarder finansjeel opsmyt. It is ek noch net dúdlik oft de opdracht mear wurk opleveret foar it fabryk yn Ljouwert. Mocht it nedich wêze, dan wreidet it bedriuw út. Der is twa jier oan wurke om de oarder binnen te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)