Grutte oarder foar Legyon

04 sep 2010 - 13:03

It bedriuw Legyon út Ljouwert sil earst twatûzen en letter mooglik noch tûzenen legionella-chips leverje oan Sweden. Mei help fan de chip kin binnen in dei fêststeld wurde oft der sprake is fan in legionellabaktearje besmetting. De baktearje hat ek yn Sweden al slachtoffers makke.

Legyon fernimt dat de fraach nei de chip hieltyd grutter wurdt. Neist Sweden hat ek Amearika ynteresse. Legyon ferwachtet dat de oarder foar ekstra wurkgelegenheid soargje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)