Grutte oanrin by Slachtofferhelp

28 aug 2003 - 00:00

It stipepunt fan Slachtofferhelp yn Aldeberkeap hat in soad oanrin fan âlden fan bern út it doarp. De âlden hawwe te krijen mei gefoelens fan ûnrêst en wolle graach har ferhaal kwyt. Neffens de helpferlieners komme der by de âlden in protte fan harren eigen problemen nei boppe.

By it stipepunt waard it tongersdei pas echt drok. Slachtofferhelp bliuwt noch fjirtjin dagen yn it doarp oanwêzich om âlden stipe te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)