Grutte nederlaach foar Cambuur

11 apr 2005 - 00:00

Cambuur hat moandei tsjin Helmond Sport de grutste nederlaach fan it hiele seizoen belibbe. Yn Helmond ferlearen de Ljouwerters mei 6-1.

Cambuur kaam der yn de earste helte noch wol oan te pas mei in doelpunt fan Zimmerman. Nei de earste helte stie Helmond Sport mei ien punt foar. Yn de twadde helte kamen de Ljouwerters net mear oan skoaren ta. Helmond-spiler Cvetkov makke mar leafst fjouwer doelpunten. Ien dêrfan wie in strafskop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)